ynfo

Elske Schotanus (Terbant, 1957) studearre psychology oan de Ryksuniversiteit Grins, wurke yn de GGZ as meiwerker meisizzenskip en partisipaasje fan kliïnten en as ondersteuner kliïnterieden yn de VVT. Elske Schotanus is skriuwster fan proaza, kollems, fraachpetearen, sjoernalistike artikelen en proaza- en toanielresinsjes, ûnder mear foar it kulturele en literêre opinyblêd de Moanne. Sy skriuwt sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk.

Neist har skriuwen tekenet en skilderet sy, ek yn opdracht. Foar ynformaasje oer prizen fan op de webside ôfbylde wurk stjoer in mail nei:  info apenstaart domeinnaam

‘Gjin lichem of it sprekt syn tekens, syn taal en navenant syn kwetsberens en neakenens. De linen dêr’t dy beide lêste yn heind wurde, fertelle in ferhaal dat letterlik nei har hân setten is. It binne de wanstaltige, mar dêrom net minder moaie ferhalen fan de minsklike siele, dy frjemde spegel (fan tiid). Ut it wurk sprekt in sterk en mear as eigen & sinnich hânskrift. It is de hân dy’t yn in tel – raak! – it momint fan in hâlding heint. Wat dêrby iepen litten en suggerearre wurdt, iepenbieret in wrâld dy’t fierder giet as inkeld it lichem.’

about informatie in het Nederlands